Yn petear mei Ellen Wester
De simmer is in hektyske, mar ek bysûndere tiid. Foar ik oan de fakânsje begjin ha ik in pear hiele drokke wiken yn myn kapperswinkel. Drok, mar benammen ek hiel gesellich. Elk is dwaande mei in skoftsje frije tiid. De ien giet op reis nei fiere lannen, as lekker mei in tintsje yn Europa en der bliuwe ek genôch minsken noflik thús. Dat fekânsjepraat makket it wurk hiel gesellich. We wolle allegearre op reis mei it hier yn’e pronk en dat mei ik graach dwaan. Bin ik gewoanwei fjouwer dagen oan it wurk, yn de wiken foar de boufak binne dat gâns mear oeren. Fansels ha ik wurk wer minsken moaier fan wurde, dat makket ek dat minsken yn’e regel fleurich en posityf binne en krekt dat makket it wurk ek sa moai.
As dan foar my de fakânsje oanbrekt smite wy de touwen los en gean we op reis troch Fryslân. Ik bin al sûnt myn bernejierren belutsen by it SKS skûtsjesilen en salang ik “grut” bin ek belutsen as frijwilliger. Ha ik allerhande taken wol hân, tsjintwurdich bin ik ûnderdiel fan it kommunikaasjeteam fan de SKS en is de kâns grut dat as jim tweets lêze oer it silen dat ik dy skreaun ha.
Fansels ha we twa jier gjin silen hân en dat hat der best wol yn hakt. It earste jier snapten we it allegearre wol en bin ik ek gewoan oan it wurk bleaun. Wer wat tsjinslach ynhelje. Ferline jier wienen we echt wol oan wat “vrijheid blijheid” ta, mar spitich genôch doe ek gjin silen. Doe ha der in protte skûtsjefans mei de siel ûnder de earm rûn. We ha wol noflik mei de boat fuortwest, mar toch, sûnder skûtsjesilen mist der wat bysûnders. Aanst op de earste dei op Grou, as it Frysk folksliet oer it wetter klinkt sille der by in soad minsken wol wat emoasjes loskomme.
Nei it silen noch eefkes in wykje hielendal neat en dan ha ik wer in hiel soad nocht om oant it wurk. Elkenien wer sjen, byprate oer alle aventoeren en al dat ferblikte simmerhier wer wat kreas meitsje. Dan brûzje ik ek wer fan de enerzjy om yn myn eigen salon oan’e slach.
In lyts skoftsje hielendal neat is sa goed om dy batterij wer op te laden. Eefkes hiel wat oars jout ek wer nije ynsichten en wat ôfstân fan watst in hiel jier by de ein hast jout wer nije plannen en ideeën en in heldere holle om nocht en wille te hâlden yn watst deis dochst.
Dat hat de tiid my wol leart. Doch watst graach dochst en bist net in dei oan it ‘wurk’! Ik gean alle dagen mei nocht oan it wurk. Myn saak is net grut, mar wol fan my en sa kin ik it dwaan op myn eigen wize. Fan de minsken dy’t by my komme hear ik ek dat krekt dat oansprekt.
En kom ik thús, dan stean ik fuortdalik yn de relax-stand. Want ik ha it wol oer op fakânsje gean, ast sa as wy op in boat wennest, dan wennest al op fekânsje!